Home > Spiritualiteit > Franciscus > Sinneliet

IT SINNELIET

1 Alderheechste, Almachtige, Goeie Hear,
fan jo binne de lof, de rom, de eare en alle seinigingen.

2 Jo allinne, alderheechste, komme hja ta
en net in mins is weardich om jo te neamen.

3 Love binne jo, myn hear, mei al jou skepsels,
foaral hear broer sinne, dy't de dei is,
en troch wa't jo és ferljochtsje.

4 En hy is moai en hy is strieljend mei grutte swidens.
Fan jo, alderheechste, draacht hy it sinnebyld.

5 Love binne jo, myn hear, troch suster moanne en de stjerren.
Oan 'e himel hawwe jo har makke,
skitterjend, kostber en skoander.

6. Love binne jo, myn hear, troch broer wyn
en troch de loft en troch bewolke en opklearre en hokker waar ek,
dér't jo jou skepsels mei ta stipe binne.

7 Love binne jo, myn hear, troch suster wetter,
dy't hiel nuttich is en dimmen en kostber en kein.

8 Love binne jo, myn hear, troch broer fjoer
troch wa 't jo foar ús de nacht ferljochtsje.
En hy is moai en fleurich, stoer en sterk.

9 Love binne jo, myn hear, troch uze suster memme ierde,
dy't ús troch alles hinne stipet en ós paadwiist
en alderhanne gewaaks mei kleurige blommen en króden fuortbringt.

10 Love binne jo, myn hear,
troch hja dy't ferjeffenis skinke troch jou leafde
en sykte en ferdrukking drage.

11 Lokkich hja dy't dat drage sille yn frede,
want troch jo, alderheechste, sille hja kroane wurde.

12 Love binne jo, myn hear, troch uze suster de liiflike dea,
dér't net in libbene siel oan ontslúpe sil.

13 Wee hja dy't stjerre yn deasúnde.
Lokkich wa't hja tsjinkomt yn jou alderhillichste wil,
want de twadde dea sil har gjin kwea dwaan.

14 Loovje en seinigje myn hear
en tankje en tsjinje him mei grutte dimmenens.


Vertaling van het Zonnelied van Franciscus door Tsjebbe Hettinga.

Terug       Top